Friezen foar wynmûnen lâns de Ofslútdyk

28 nov 2014 - 15:57

In mearderheid fan de ynwenners fan Fryslân en Noard-Hollân wol wynmûnen lâns de Ofslútdyk. Op de fraach oft de ynwenners de wynmûnen op it lân, yn de Iselmar of lâns de Ofslútdyk hawwe wolle, antwurde trijekwart fan de minsken dat se lâns de Ofslútdyk komme moatte. De provinsjes soene hjir ek in aktive rol yn spylje moatte om dit foar mekoar te krijen.

Undersykburo Ipsos ûnderfrege 508 minsken yn opdracht fan E-Connection en Eneco. Dizze bedriuwen ûntwikkelje sels wynparken en wolle graach in park lâns de Ofslútdyk bouwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)