Fersekerder De Friesland beantwurdet fragen fan Dokkumers

28 nov 2014 - 15:18

De ridende winkel fan soarchfersekerder De Friesland stiet freed en moandei yn Dokkum. Ynwenners kinne yn de winkel terjochte mei fragen oer de ûntwikkelingen rûnom soarchgroep Pasana en sikehûs De Sionsberg.

De soarchferskerder fernimt dat der in soad fragen binne ûnder de ynwenners. Soarchfersekerder De Friesland hat tongersdei ek presintaasjes jûn op in drok besochte soarchmanifestaasje yn Dokkum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)