Koart pleit fan spesjalisten De Sionsberg fan de baan

De Sionsberg © Omrop Fryslân
It koart pleit dat de medyske stêf fan sikehûs De Sionsberg freed oanspand hie tsjin soarchgroep Pasana is fan de baan. De rjochtbank meldt dat it oan it begjin fan de middei ynlutsen is.
De medyske stêf woe mei it koart pleit berikke dat de polyklinyk folslein iepen bliuwe soe, oant de kurator in oardiel jout oer it plan foar in trochstart fan sikehûs De Sionsberg.