Protestmanifestaasje tsjin sluting De Sionsberg

28 nov 2014 - 13:49

Op Facebook ropt de aksjegroep Sionsberg Moet Blijven op om kommende woansdei mei te dwaan oan in protestmanifestaasje tsjin de sluting fan it sikehûs. De manifestaasje wurdt woansdeitemiddei oan It Syl by it stedhûs hâlden en duorret fan trije oant fiif oere.

Op de Facebookside binne al hast fiiftûzen likes binnenkaam foar de aksje, wat oanjout dat minsken it inisjatyf stypje. De aksjesgroep ropt minsken op om massaal nei de manifestaasje te kommen.

Ek de lanlike polityk begjint him hieltyd mear te bemuoien mei it lot fan de Pasana-groep en sikehûs De Sionsberg. Tongersdei wiene SP-kopstikken Emile Roemer en Renske Leijten al op besite by it sikehûs, freed binne de Fryske Twadde Keamerleden yn Dokkum. Lutz Jacobi fan de PvdA en Sander de Rouwe fan it CDA litte ha dêr byprate.

Besjoch hjir de Facebookside fan de aksjegroep.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)