Calvin Mac-Intosh yn basis Cambuur

Calvin Mac-Intosh begjint sneon yn de thúswedstriid tjsin AZ yn de basis by Cambuur. De ferdigener nimt it plak yn fan Wout Droste. Droste is wol wer fit, mar Mac-Intosh krijt de foarkar nei in goeie wedstriid ferline wike tsjin FC Utrecht. Lucas Bijker komt werom fan in blessuere. Hy begjint wer yn de basis. Ogbeche is skorst nei syn fiifde giele kaart ferline wike. Michiel Hemmen stiet sneon yn de spits. Martijn Barto spilet, lykas yn de wedstriid tsjin FC Utrecht, fan links.