Jager wurdt foarsitter fan oerlisgroep oer Oranje

It Drintske doarp Oranje © ANP
Plakferfangend boargemaster Marian Jager-Wöltgens fan Opsterlân wurdt foarsitter fan de oerlisgroep oer de komst fan asylsikers nei it Drintske doarpke Oranje. De oerlisgroep wurdt foarme troch minsken fan de gemeente Midden-Drenthe dêr't Oranje ûnder falt, it COA en de doarpsbewenners.
De oerlisgroep sil alle wiken mei-inoar prate oer de situaasje yn Oranje. Der binne no sa'n 600 asylsikers yn it doarp. Op grûn fan hoe't dat giet, kin de oerlisgroep advisearje dat der mear asylsikers komme kinne.
Marian Jager is noch oant 1 desimber boargemaster fan Opsterlân.