Miljoen foar mear toerisme yn Nasjonale Parken

28 nov 2014 - 12:09

Der komt in miljoen beskikber om mear toeristen nei de Nasjonale Parken te krijen. In mearderheid yn de Twadde Keamer hat in amendemint hjirfoar oannaam. Provinsjes, gemeenten, Nasjonale Parken, it Ryk en it Nederlands Bureau voor Toerisme moatte no om tafel om de plannen te ûnwikkeljen.

Op it stuit is der gjin jild om mear toeristen nei de parken te lûken. PvdA-keamerlid Lutz Jacobi waard op Skiermûntseach frege om hjir wat oan te dwaan. Tegearre mei in kollega fan D66 tsjinne se it amendemint yn. En dat is dus foar takom jier slagge.

Fryslân hat meardere Nasjonale Parken, lykas Lauwersmar, Skiermûntseach, De Alde Feanen en it Drents-Friese Wold.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)