Dokkumers hingje flagge healstôk foar sluting De Sionsberg

28 nov 2014 - 10:40

Ynwenners en ûndernimmers yn Dokkum jouwe massaal gehoar oan de oprop om freed de flagge healstôk te hingjen foar it sluten fan sikehûs De Sionsberg. Ferspraat oer de stêd hawwe minsken de flagge healstôk hinge.

De oprop waard tongersdei dien troch Gea Krol út Dokkum. Neffens har is freed in swarte dei yn ferbân mei de sluting fan it sikehûs. Se wol mei de flagge-aksje sjen litte dat de ynwenners tsjin de sluting binne. Krol wurket sels by Pasana, de ynstelling dêr't De Sionsberg ûnder falt. Se hat ek tsien jier yn it sikehûs wurke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)