Nije gearwurking ûnderwiis, oerheid en bedriuwslibben

28 nov 2014 - 07:17

De provinsje, NHL Hegeskoalle en ferskate bedriuwen tekenje freed in gearwurkingsoerienkomst om mear jongerein entûsjast te meitsjen foar ynfratechnyk en grienfoarsjenning. Der is grut ferlet fan wurknimmers yn dizze sektoaren.

De gearwurking is yn de praktyk al yn gong set. Sa binne studinten fan de NHL Hegeskoalle yn Ljouwert ynset by it projekt fan de farrûte tusken Bitgum en Berltsum en hawwe studinten fan it Nordwin College in makette makke fan de Drachtsterwei foar de projektlieders.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)