Dongeradiel wol húsdokterspost Dokkum behâlde

27 nov 2014 - 21:48

De 24-oeren húsdokterspost yn Dokkumer sikehûs De Sionsberg moat 24 oeren deis iepen bliuwe, ek as it sikehûs sels ticht giet. Wethâlder Sicco Boorsma fan Dongeradiel hat direkteur Diana Monissen fan soarchfersekerder De Friesland frege om derfoar te soargjen, sei hy tongersdei yn de gemeenteried.

Dongeradiel set him fierder yn foar behâld fan benammen de âldereinsoarch en de 24-oers spoedsoarch yn Dokkum. Dongeradiel sil aktyf besykje om in mooglike trochstart fan it sikehûs yn in 'takomstbestindige' foarm te befoarderjen.

Boorsma fynt it net mear as ridlik om fan it regear in 'beskikberheidstaslach' te freegjen foar lytsere sikehuzen yn minder rendabele gebieten. De wethâlder fynt dat alle partijen yn de ried fan Dongeradiel mei-inoar oplûke moatte rjochting Twadde Keamer en Ryk om de saak fan De Sionsberg en lytsere sikehuzen op it plattelân te bepleitsjen. Yn de gemeenteried fan Dongeradiel bestie fierder in soad wurdearring foar de meiwurkers fan De Sionsberg en Pasana, dy't al dagenlang trochwurkje wylst se gjin salaris krigen hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)