Undersyk foarsjennings krimpgebiet Noardeast-Fryslân

27 nov 2014 - 21:02

De gemeenten yn Noardeast Fryslân en de provinsje sille in grut ûndersyk útfiere nei de foarsjennings yn de regio. It ûndersyk rjochtet him op saken as soarch, húsfesting en ûnderwiis. It ûndersyk wurdt dien mei it each op de krimp yn it gebiet: minder ynwenners, minder jongeren en mear âlderen. De antwurden op de fragen yn de enkête wurde febrewaris takom jier op byienkomsten mei de oanbelangjende gemeenterieden en mei de ynwenners bepraat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)