Trochwurkje yn De Sionsberg tsjin ynstruksje Pasana

Dat de meiwurkers fan De Sionsberg yn Dokkum gewoan trochwurkje wolle, is tsjin de ynstruksje fan de ried fan bestjoer fan soarchgroep Pasana. Dy hat nochris befestige dat it wurk yn De Sionsberg dellein wurde moat, yn ôfwachting fan it fallisemint dat nei alle gedachten nije wike útsprutsen wurdt. It bestjoer neamt it dan ek hiel ûnferstannich dat it personiel trochgiet mei wurkjen om't de kwaliteit fan de soarch net te garandearjen wêze soe.
De meiwurkers moatte harren oan dizze ynstrukjse hâlde, sa seit it bestjoer.
Neffens in wurdfierder hat sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten, dat ek ûnder Pasana falt, sels gjin medyske apparatuer út it sikehûs helle. Dat soe in bedriuw dien hawwe, dat eigen apparatuer ophelle hat.