Medyske apparatuer út De Sionsberg helle

27 nov 2014 - 19:20

Nettsjinsteande dat de meiwurkers fan De Sionsberg yn Dokkum trochwurkje om it sikehûs draaiende te hâlden, is it fuortheljen fan medyske apparatuer al begûn. Dat seit foarsitter Jan Leendert Brouwer fan de spesjalisten fan it sikehûs. It personiel is tige fernuvere dat apparaten út bygelyks de operaasjekeamers fuorthelle wurde, noch foar it fallisemint útsprutsen is.

Dêrneist soe de direksje pasjinten ôfbelje. Neffens Brouwer giet it wurk yn de polyklinyk, dêr't elke dei hûnderten minsken harren melde, gewoan troch.

Nije wike hawwe de spesjalisten in petear mei soarchfersekerder De Friesland. De spesjalisten wolle it sikehûs graach iepenhâlde.

Trefwurden: 
Dokkum De Sionsberg
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)