Postma op 4e plak nei earste syldei yn wrâldbekerfinale

27 nov 2014 - 17:05

Siler Pieter-Jan Postma fan Terkaple hat nei de earste dei fan de wrâldbekerfinale yn Abû Daby noch alle kânsen op in medalje. Postma einige tongersdei yn de earste race fan de Finn-klasse as njoggende. Yn de twadde race helle hy in twadde plak.

Nei twa races stiet Postma no op it fjirde plak yn it tuskenklassemint mei 11 punten. Dat binne der njoggen mear as de lieder yn it klassemint Vasilij Zbogar út Slovenië.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)