Dútske professor swimt yn Ljouwerter Potmarge

De Dútske professor Andreas Fath hat tongersdeitemoarn in swimtocht makke yn de Potmarge yn Ljouwert. Underweis naam de professor wettermeunsters. Fath swom ôfrûne simmer ek al yn de Rijn, fan Switserlân oant Hoek van Holland, om ûnderweis meunsters te nimmen.
Tongersdei presintearre de Dútske professor de resultaten fan syn Rijn-ûndersyk by it wetterynstitút Wetsus. Dêr waarden de wettermeunsters ûndersocht.