Kollumerlân "Koelste gemeente" fan Fryslân

27 nov 2014 - 16:25

De gemeente Kollumerlân is "De koelste gemeente" fan Fryslân. Boargemaster Bearn Bilker krige de priis tongersdei útrikt út hannen fan direkteur Wim Kleinhuis fan de Feilichheidsregio Fryslân.

Kollumerlân krige de symboalyske titel om't se meidien hat oan de aksje "Hoe koel blijf jij?", wêrmei't de feilichheidsregio oandacht frege foar de risiko's yn it deistich libben en hoe't minsken dy risiko's foarkomme kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)