Stedhûs Boalsert moat moetingsplak fan de stêd wurde

27 nov 2014 - 15:07

Trouwe, boeken lêze, studearje of in kopke kopje drinke. It eardere stedhûs yn Boalsert moat wer it moetingsplak fan de stêd wurde. De gemeente Súdwest-Fryslân, de trije musea yn de stêd en de bibleteek binne drok dwaande mei de útwurking fan de plannen.

It stedhûs moat hjirfoar ferboud wurde sadat it better tagonklik wurdt en de romtes foar ferskate doelen brûkt wurde kinne. It plein foar it stedshûs wurdt opnij ynrjochte. De doarren fan it fernijde stedhûs moatte yn 2017 iepengean. Dan bestiet it gebou 400 jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)