20 jier sel foar Ada S. yn gifmoardsaak

De 52-jierrige Ada S. is feroardield ta 20 jier selstraf yn de gifmoardsaak. De rjochtbank fynt dat der genôch bewiis is dat de frou har twadde man út Frjentsjer mei opsetsin om it libben brocht hat. Se is dêrby berekkenjend te wurk gien, seit de rjochtbank. De frou hat dagen dwaande west om de man mei medisinen en kalmearringsmiddels te ferswakjen en dêrnei deagean te litten.
Neffens de rjochtbank hat de frou in persoanlikheidsstoarnis mar is it ferbân tusken de stoarnis en har dieden ûndúdlik. Se krijt dêrom gjin TBS mei twangferpleging.
Der is bewiis dat de frou op ynternet socht hat nei de wurking fan kalmearringsmiddels, en se koe der fia har wurk yn de soarch maklik oankomme. In pear wiken foar it ferstjerren fan har man waard der in libbensfersekering ôfsletten; neffens de rjochtbank hat de frou dat dien mei falske hantekeningen.
Yn it gefal fan moard op har earste man yn Enkhuzen yn 2004, wurdt de frou frijsprutsen. Neffens de rjochter is dat te lang lyn en kin dat net bewiisd wurde. Wol fynt de rjochtbank dat de dea fan har man de frou oan te rekkenjen is, omdat se him gjin needsaaklike medyske help jûn hat.
De frou is ek feroardield foar it yn brân stekken fan it hûs yn Brabân, dêr't se de lêste jierren wenne hat. Se hie dy deis fjouwer flessen terpentine kocht. Mirjam de Vilder, de advokate fan Ada S., is skrokken fan de opleine straf. Se tinkt der dan ek oer om yn heger berop te gean.
Ferslachjouwer Onno Falkena docht ferslach fan de saak op Twitter.