Meiwurkers De Sionsberg wolle sikehûs draaiende hâlde

De meiwurkers fan De Sionsberg yn Dokkum wolle it sikehûs draaiende hâlde. Alle meiwurkers dy't ûntslein wurde fanwege it fallisemint fan soarchgroep Pasana bliuwe foarearst ûnbetelle it wurk dwaan. Dat meldt Jan Leendert Brouwer, foarsitter fan de spesjalisten fan De Sionsberg.
De spesjalisten hawwe in brief stjoerd oan it personiel mei de oprop om it sikehûs iepen te hâlden. Hast alle meiwurkers wolle meiwurkje. Neffens Brouwer giet it om goed twahûndert minsken. Hy tinkt dat oare Fryske sikehuzen de ekstra pasjintestream net oankinne.