Idesta wol trije lokaasjes Pasana oernimme

27 nov 2014 - 11:50

Idesta Soarchgroep út Stiens hat ynteresse toand om trije soarchlokaasjes fan it fallite Pasana oer te nimmen. It giet dan om De Hale yn Damwâld, De Stelp op It Amelân en soarchsintrum Spiker yn Ternaard. Dat seit bestjoersfoarsitter Rikus Sinnema. Idesta Soarchgroep fynt it wichtich dat besteande soarchlokaasjes yn lytse doarpen bestean bliuwe.

Neffens Sinnema is Idesta de lêste tiid massaal benadere troch lokale ynstânsjes mei it fersyk om soarchlokaasjes fan Pasana oer te nimmen.

Soarchgroep Pasana sels woe lykwols nea yngean op in petear mei Idesta. Sinnema seit dat de âldereinsoarch in winstjaande soarchsektor is. Mei help fan fermogende partikulieren soe it mooglik wêze moatte om de âldereinsoarch yn lytse doarpen oerein te hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)