Gemeentehûs Weststellingwerf minder faak iepen foar publyk
It gemeentehûs fan Weststellingwerf yn Wolvegea is fan takom jier ôf minder faak iepen foar it publyk. Ynwenners kinne dan middeis net mear terjochte by ien fan de publyksbaaljes.
Ek de tillefoanyske berikberens wurdt minder. Mei-inoar giet it om goed acht oeren dat de gemeente tillefoansyk minder te berikken is.