Goudsmid Meijerink yn race foar sieraad Amalia

Goudsmid Peter Meijerink fan Easterwâlde is ien fan de acht nominearren foar de "Ontwerpwedstrijd van het Jaar". Dat is in wedstriid foar goud- en sulversmidden, wêryn't se neffens in bepaalde opdracht in sieraad meitsje moatte. It tema fan dit jier is 'erfstik fan de takomst', en de nominearren ha dat útwurke ta in sieraad dat geskikt is foar prinses Amalia. Meijerink hat in ring ûntwurpen.
Op 8 desimber wurdt bekend makke wa't de ûntwerpwedstryd wûn hat. Dêrnei wurde de acht ûntwerpen eksposearre. Amalia krijt se dus net.