Man út Grou oanholden foar autoynbraak

27 nov 2014 - 10:05

De plysje hat woansdeitejûn yn Grou in 49-jierrige ynwenner fan dat plak oanholden. In meiwurker fan de plysje seach dat de man him fertocht gedroech by in auto en dy iepen makke. Dêrnei naaide de man út. De plysje hold him oan.

De man hie in lifehammer yn 'e jas. Dy hie er út de auto stellen. De fertochte is fêstset op it buro.

Trefwurden: 
Grou stellerij auto-ynbraak
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)