Wolvegeaster oanholden foar mishanneling

Boeien © ANP XTRA
In 41-jierrige man út Wolvegea is woansdei oanholden foar mishanneling fan in 26-jierrige man út Littenseradiel. Beide manlju troffen inoar op de Gedempte Molendyk op It Hearrenfean. Dêr krigen se spul, wêrby't de fertochte it slachtoffer besocht te stekken. It slachtoffer koe de oanfal ûntwike, mar krige wol inkele klappen. Hy flechte nei in hoarekasaak, dêr't er yninoar sakke. It slachtoffer is ûndersocht troch ambulânsepersoniel, mar hie allinnich letsel oan syn holle.
De 41-jierrige fertochte koe yn syn hûs oanholden wurde.
De Wolvegeaster sit noch fêst foar fierder ûndersyk.