De Fryske Marren wol op syn meast 250 asylsikers yn Riis

26 nov 2014 - 21:59

De ynformaasjejûn dy't moandei hâlden wurde soe oer de opfang fan asylsikers yn Riis koe net trochgean omdat it COA, it Centraal Orgaan opfang Asielzoekers, him op it lêste momint weromluts. Dat wie neidat boargemaster en wethâlders it COA moandei dúdlik makke hienen dat sy yn Riis romte sjogge foar de opfang fan op syn meast 250 asylsikers yn stee fan de troch it COA foarstelde 500.

Dat is woansdei dúdlik wurden op in gemeentlike gearkomste wêryn't praat waard oer de opfang. Dêr wie it COA wol oanwêzich.

It COA hat by de gemeente oanjûn op syn minst 400 minsken opfange te moatten yn Riis, omdat oars de eksploitaasje fan it asylsikerssintrum net út kin. Mei omdat sy op basis fan dy 400 minsken al in kontrakt tekene ha mei de eigner fan de opfanglokaasje. Dy soe sletten wêze omdat de gemeente akkoart gean soe. Neffens it COA ha dy dizze sitewaasje noch nea earder meimakke. Der is drige mei in skeaklaim troch it COA tsjin de gemeente. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders en it COA tinke net gelyk oer hoe't it gien is. Wol hawwe se oanjûn fierder mei elkoar prate te wollen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)