Gjin Europeesk follybal mear foar VC Snits

De follybalfroulju fan VC Snits hawwe woansdeitejûn har twadde wedstryd yn de Challenge Cup ferlern. Yn Apeldoorn blykte lânskampioen Alterno mei 3-0 te sterk. Benammen yn de tredde set wie it eigen sloardige spul fan Snits dat foar it ferlies soarge. Troch dat ferlies is it Europeesk aventoer fan de Snitser froulju foarby. Yn eigen hûs waard twa wiken lyn noch wûn fan Alterno mei 3-2. De setstannen yn Apeldoorn: 25-22, 25-20 en 25-18.