Fakbûn net fernuvere oer fallisemint Van der Veen

26 nov 2014 - 19:02

It fakbûn FNV is net ferrast troch it fallisemint fan transportbedriuw Van der Veen yn Burgum. It bedriuw, dat spesjalisearre is yn ferfier fan boumaterialen, hat it sûnt de krisis yn de bou al dreech. Neffens it fakbûn is der de lêste tiid ek in soad ûnfrede by it personiel, ûnder oare oer de wize fan kommunisearjen troch de direksje. Der wurdt op it stuit noch wol trochriden, want der binne noch opdrachten. Sa hâldt Van der Veen ek syn klanten foar in eventuele trochstart. Oft dy der komt moat de kommende tiid dúdlik wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)