Teloarstelling oer sluting De Sionsberg

26 nov 2014 - 17:04

Personiel en pasjinten fan De Sionsberg yn Dokkum reagearje teloarsteld op de sluting fan it sikehûs. It fallisemint komt hurd oan. Guon wurknimmers litte har protest iepentlik hearre en meitsje in protestdoek. It medysk personiel set de kommende tiid de skouders derûnder, seit Jan Leendert Brouwer, foarsitter fan de medyske stêf.

Net allinnich minsken út Noardeast Fryslân fine it spitich dat it sikehûs tichtgiet. Guon pasjinten út Grinslân wurde ek graach yn Dokkum holpen. Aksjegroep Red de Sionsberg giet ek troch mei aksjefieren.

Trefwurden: 
Dokkum sikehûs De Sionsberg
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)