Plysje siket mei helikopter nei dieder stekpartij

Plysje helikopter © Omrop Fryslân
De plysje hat by It Hearrenfean mei in helikopter nei de dieder fan in stekpartij socht en in persoan oanhâlden. Om kertier oer fjouweren hinne wie woansdei op de Gedempte Molenwijk in persoan delstutsen. De dieder naaide dêrnei út.
It slachtoffer fan de stekpartij is licht ferwûne rekke. Dat lit de plysje witte. De man koe op it plak sels troch ambulânsepersoniel behannele wurde. Wat de oanlieding foar de stekpartij west hat, is noch net bekend.