Oanpak foar parkearproblemen yn Harns

© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
De ferkearsproblematyk by parkearterrein Drijfhout yn Harns wurdt oanpakt. Dêr binne buertbewenners en it kolleezje fan Harns nei in petear útkaam. It betsjut dat it parkearterrein, dat brûkt wurdt as der gjin plak is op de gewoane parkearterreinen, noch in jier langer iepen bliuwe kin.
De fergunning rint no oant en mei desimber 2015. Ek sil der in finansjele oerienkomst komme, sadat de gemeente jild krijt út de parkearjilden fan it Drijfhout-parkearterrein. It kolleezje fan Harns komt yn oktober 2015 mei in oplossing foar de lange termyn.