Richard Karrenbelt nije trainer by ONS Boso Snits

26 nov 2014 - 13:51

Richard Karrenbelt wurdt mei yngong fan takom seizoen de nije trainer fan topklasser ONS Boso Snits. Hy folget Bert Hollander op, dy't nei sneins twaddeklasser LSC 1890 giet. Karrenbelt is hikke en tein yn Apeldoorn en hat dêr sels altyd fuotballe by WSV. As trainer hat hy ûnder oare wurke by WSV Apeldoorn, SDC Putten, Sportklup Genemuiden en de lêste twa jier by CSV Apeldoorn. Karrenbelt is op dit stuit ek noch scout by Vitesse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)