Woansdei om 10.00 oere parsekonferinsje oer Sionsberg

Woansdeitemoarn om 10 oere is der yn De Herberg yn Dokkum in parsekonferinsje oer de takomst fan sikehûs De Sionsberg. Tiisdei waard bekend dat soarchgroep Pasana, dêr't De Sionsberg ûnder falt, in skuld hat fan 40 miljoen euro en dat in fallisemint hast net mear te ûntrinnen is. De bedoeling liket om de polykliniken fan De Sionsberg oerein te hâlden.