Kening Willem-Alexander iepenet Blue Energy-ynstallaasje

26 nov 2014 - 07:01

Kening Willem-Alexander iepenet woansdei de Blue Energy-ynstallaasje op de Ofslútdyk. Mei de ynstallaasje wurdt as proef enerzjy wûn, troch der ôfwikseljend swiet wetter út de Iselmar en sâlt wetter út de Waadsee trochhinne rinne te litten. De ynstallaasje stiet sûnt in jier op de Ofslútdyk.

Blue Energy is in gearwurking tusken de bedriuwen Redstack en Fujifilm en wetterkampus Wetsus út Ljouwert. De kening iepenet de ynstallaasje oan it begjin fan de middei.

Rik Siebers, direkteur fan Redstack ferwachtet in soad fan de proef dy't nei tsien jier fan it laboratoarium nei de praktyk. Yn seis jier tiid moat de nije technyk him bewize, seit er. Yn prinsipe kin Blue Energy in hiel goed alternatyf wêze foar wynenerzjy, want yn tsjinstelling ta wyn en sinne is it oanbod fan sâlt en swietwetter konstant.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)