Nije farrûte foar elektrysk farren

Boatsjeminsken yn it Bûtenfjild © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Der komt in twadde Fryske farrûte dy't allinnich bedoeld is foar elektryske boatsjes. It giet om in farferbining tusken De Grutte Wielen en de Swemmer. De rûte rint fan Ljouwert, fia Ryptsjerk en De Falom oant de Swemmer by De Westereen. It wurk moat nei it farseizoen fan 2015 úteinsette. As alles goed giet farre ein 2016 de earste boatsjes de nije rûte bydel. It wurk dat no dien wurde moat is bygelyks it baggerjen fan de rûte, it oanlizzen fan slûzen en it opheegjen fan brêgen. It projekt kostet yn totaal sa'n 2,8 miljoen euro.