De Friesland: ek yn de takomst sikehûs yn Dokkum

Der moat yn de takomst gewoan in sikehûs wêze yn Dokkum. Dat fynt soarchfersekerder De Friesland. Hoe grut dat sikehûs wêze sil en wat foar soarch der oanbean wurdt moat de kommende wiken útsocht wurde. Neffens bestjoersfoarsitter Diana Monissen fan De Friesland is der yn Dokkum gjin ferlet fan in folslein sikehûs. Se basearret har dêrby op ûnderfinings mei De Sionsberg. Dêr kamen folle minder minsken as dêr't rekken mei hâlden wie, omdat in soad pasjinten yn de regio Dokkum keazen foar it MCL yn Ljouwert of Nij Smellinghe yn Drachten.
Foar jannewaris moat dúdlik wêze hoe't de soarch der yn de takomst útsjen sil. Oant dy tiid wurde de polykliniken fan De Sionsberg safolle mooglik yn bedriuw hâlden. Foar operaasjes wurdt in plakje socht yn de sikehuzen fan Ljouwert en Drachten.