Pasana hat skuld fan 40 miljoen, Sionsberg ticht

25 nov 2014 - 16:14

Soarchgroep Pasana hat in skuld fan 40 miljoen euro. Dat is tiisdei bekend makke op in byienkomst foar it personiel. In fallisemint liket dêrmei net mear foar te kommen. Moandei waard al bekend dat De Sionsberg in pasjintestop ynstelde. Ofrûne freed hat de bank beslach lein op ien fan de rekkens fan Pasana. Dêrtroch kinne de salarissen fan novimber net útbetelle wurde.

De soarchgroep hat yntusken kontakt hân mei it UWV. Op de byienkomst is sein dat der mooglik in trochstart komt foar de âlderensoarch, foar it sikehûs sit dat der net yn.

De meiwurkers fan Pasana reagearren tiisdei ferslein op it niis oer de sluting fan it sikehûs en de grutte skuld fan Pasana. De medysk spesjalisten binne bysûnder min te sprekken oer de gong fan saken. Sy wolle no't de Sionsberg tichtgiet gearwurking sykje mei it Medysk Sintrum Ljouwert. De spesjalisten binne lulk op Nij Smellinghe en soarchfersekerder De Friesland. Dy binne neffens harren meiferantwurdlik foar de grutte problemen fan De Sionsberg.

Trefwurden: 
Pasana De Sionsberg
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)