Krystmerk Dokkum wurdt grutter

25 nov 2014 - 11:21

De krystfair yn Dokkum wurdt dit jier grutter as oare jierren. Foar it earst sil ek de Keppelstrjitte oant de Woudpoartbrêge oan de merk meidwaan. Oant no ta waard de strjitte allinnich brûkt as trochgong nei de fair en as fytse-opslach. De ûndernimmers binne bliid mei de fernijing.

Op de krystfair wurdt it sintrum fan Dokkum omtovere yn krystsfear mei tûzenen ljochtsjes, houtsnippers, fjoerkuorren en in libbene kryststâl. Ek binne der live-optredens. De krystfair yn Charles Dickensstyl wurdt hâlden op 12 desimber.

Trefwurden: 
Dokkum krystfair
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)