Friese Poort langer haadsponsor Frysk Ljeppers Boun

Nard Brandsma © Martin de Jong
ROC Friese Poort bliuwt noch trije jier haadsponsor fan it Frysk Ljeppers Boun. De kontrakten dêrfoar wurde woansdei tekene. As haadsponsor wol ROC Friese Poort it fierljeppen fierder ûntwikkelje. Hjirby wurdt de ekspertize fan de studinten ynsetten. De sponsoring hâldt yn dat de namme fan de skoalle op de shirts komt te stean.
Ek wurdt de namme ROC Friese Poort lykas de ôfrûne jierren ferbûn oan it klassemint.