Soccerdome wol graach gau wer los

© Soccerdome
It Soccerdome op It Hearrenfean hopet sa gau mooglik iepen te gean. De eigeners hawwe moandei in nije oanfraach dien om it bestimmingsplan te wizigjen. De gemeente Hearrenfean hat it earst tsjinholden omdat Soccerdome net yn it bestimmingsplan fan it yndustryterrein past. De gemeenteried hat formeel sjoen acht wiken de tiid om in beslút te nimmen.
Ien fan de eigeners, Feike Postma, ferwachtet earder wite reek. Ien fan de amtners by de gemeente hat harren tasein dat er meitinke wol oer in mooglike oplossing.
Yn de hal op it yndustryterrein lizze trije lytse keunstgersfjilden, dêr't op fuotballe wurde kin. Soccerdome hat dit jier in pear wiken iepen west. Klups út it hiele Noarden klopje oan om yn it Soccerdome te trainen.