PAL GroenLinks ûndersiket mooglikheid foar basisynkommen

In basisynkommen krije, sûnder dat der wat tsjinoer stiet. Dat leit mooglik yn de takomst fan Switserlân, èn Ljouwert. De Switsers binne dwaande om in referindum op te setten oer it foarstel. Minsken krije dan jild fan it regear om fan rûn te kommen, sûnder dat der bygelyks in sollisitaasjeplicht tsjinoer stiet.
De partij PAL GrienLinks yn de gemeenteried fan Ljouwert fynt it Switserske idee sa goed, dat it sjen wol nei de mooglikheden om dit yn ien fan de Ljouwerter wiken of doarpen te dwaan.
Troch in basisynkommen te jaan, soe by guon minsken it ûndernimmerskip stimulearre wurde.