Opfiering eigen sinteklazemearke yn Winsum

Yn Winsum wurdt tiisdei alwer foar de sânde kear in sinteklazemearke op de planken brocht. Op tal fan plakken yn de provinsje wurdt dizze dagen in sinteklazemearke opfierd. It mearke yn Winsum is dit jier in eigen ferhaal mei de namme 'Lego' en is bassearre op it stik Fools en de film Groundhog Day.
It giet oer in jongeman Wybrand, dy't by fersin yn de wrâld fan de lego telâne komt. It toaniel yn multyfunksjoneel sintrum De Helling stiet dan ek fol mei grutte legoblokken.