Fiif âlde slinken opknapt op It Amelân

Wetterskip Fryslân hat fiif slinken op It Amelân yn âlde steat werombrocht. Troch se te ferdjipjen is der boppedat sa'n seis bunder ekstra wetteropslach bykaam en is de ôffier fan oerstallich wetter ferbettere. By de slinken del binne ek natuerlike kaden oanlein.
De opknapbeurt hat goed 85000 euro koste. Hy makket diel út fan it wettergebietsplan fan It Amelân.