Unrêst: pasjintestop yn Dokkumer sikehûs de Sionsberg

24 nov 2014 - 20:28

Sikehûs de Sionsberg hat sûnt moandeitemiddei 15 oere in pasjintestop. De ried fan de bestjoer hat dy maatregel naam om't der tefolle ûnrêst yn it sikehûs is. Dêrtroch soe de kwaliteit fan de soarch net garandearre wurde kinne. De polys rinne wol gewoan troch.

De ûnrêst spilet benammen op it finansjele flak. Dúdlik is dat it sikehûs net troch kin yn de besteande foarm, om't dat net rendabel is. Soarchgroep Pasana, eigener fan de Sionsberg, en soachfersekerder De Friesland sykje dêrom in oplossing.

Der moat noch foar de ein fan it jier dúdlikens wêze oer de takomst fan it Dokkumer sikehûs, seit wurdfierder Dick van Driel.

Pasjinten wurde yntusken trochferwiisd nei oare sikehuzen yn de regio, lykas it MCL yn Ljouwert of Nij Smellinghe yn Drachten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)