Soad drokte by Kollumer stamppotjûn

Mear as 160 ûndernimmers út Kollumerlân kamen moandei nei de tradisjonele stamppotjûn in it gemeentehûs. Dy aktiviteit wurdt alle jierren organisearre om de gemeente en de ûndernimmers mei-inoar yn kontakt te bringen.
Benammen foar netwurkjen is der in soad romte, mar der is ek alle kearen in gastsprekker. Dizze kear wie dat advokaat Wim Anker. De stamppotjûn wurdt troch de gemeente organisearre yn gearwurking mei de ûndernimmersferienings HIM, OVK en OSK.