Waadsee is meast bekende UNESCO-wrâlderfguod

De Waadsee © Omrop Fryslân
De Waadsee is it meast bekende UNESCO-wrâlderfguod fan Nederlân. Dat docht bliken út ûndersyk fan Bureau Veldkamp yn opdracht fan de Rykstsjinst foar Kultureel Erfgoed. Sy ûnderfregen hast 1500 Nederlanners oer harren kennis fan it erfguod yn it lân.
Hast 90 prosint fan de minsken ken de Waadsee en hast 40 prosint wit dat it wrâlderfguod is. Wol is der noch in learpunt, sa docht bliken: besikers hawwe gjin omtinken foar de status fan it UNESCO wrâlderfguod. Mei in aksjeplan moat dêr feroaring yn komme.