Gemeente Hearrenfean stapt út Hûs en Hiem

24 nov 2014 - 12:09

De gemeente Hearrenfean stapt út Hûs en Hiem en sil fan 1 jannewaris ôf sels advisearje op it mêd fan wolstân. Neffens Hearrenfean hat de gemeente saakkundige amtners dy't no ek al belutsen binne by advysoanfragen. Troch it sels te dwaan, kin de gemeente har ynwenners earder berjocht jaan oft in oanfraach al as net foldocht oan de regels.

De gemeente hâldt wol de mooglikheid om advys te freegjen oan Hûs en Hiem.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)