Pleit foar plak Omrop yn Mediawet

De posysje fan Omrop Fryslân moat yn de Mediawet waarboarge wurde. Dat seit CDA-twadde keamerlid Pieter Heerma. De Omrop moat dan ek finansjeel stipe wurde. Heerma is ien fan de keamerleden dy't moandei yn Den Haach dielnimt oan it mediadebat. Yn dat mediadebat komme de regionale omroppen oan bar.
Fan 2017 ôf moatte alle regionale omroppen mei-inoar 17 miljoen euro besunigje. Steatssikretaris Dekker hâldt dêrby te min rekken mei de posysje fan Omrop Fryslân yn de Fryske taal, fynt Heerma.
It CDA krijt yn elts gefal stipe fan de PvdA, ChristenUnie, SP en keamerlid Klein. Dekker sels moat noch oan it wurd komme yn it mediadebat.
Folgje it mediadebat op NPO Politiek
Ferslachjouwer Onno Falkena is by it mediadebat yn Den Haach.