CDA: "Mear jild nei Omrop Fryslân"

23 nov 2014 - 16:31

Steatssiktaris Sander Dekker moat ekstra jild frijmeitsje foar Omrop Fryslân en it waarboargjen fan it Frysk. Dat útstel wol it CDA moandei dwaan as de Twadde Keamer praat oer de publike en regionale omroppen. Lykas alle oare regionale omroppen moat de Omrop ek flink besunigje en sa komt waarboarging fan de Fryske taal yn de knipe.

It CDA stiet noed foar de regionale omroppen om't se fan belang binne foar de eigenheid, kultuer, leefberheid. Se ha boppedat in kontrôlefunksje op de lokale en regionale demokrasy.

Earder wie it kabinet fan doel om de regionale omroepen ûnder de paraplu fan Hilversum te pleatsen, mar de steatssiktaris hat no in oar plan. As de Twadde Keamer hjirmei ynstimt sil hy ROOS, de organisaasje fan regionale omroppen, freegje om mei in plan te kommen hoe't troch gearwurking en effisjinter wurkje 17 miljoen euro besunige wurde kin mei yngong fan 2017.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)