Romme winst Snits Wyt Swart, wer ferlies FVC

Haadklasser Snits Wyt Swart Boso Snits hat snein yn Arnhem mei 4-0 wûn fan AFC. Trije Fryske treffers foelen yn de earste helte. Age Hains Boersma, Erolind Derguti en Freerk de Jong wiene de doelpuntemakkers. Fier yn de twadde helte makke Sean de Ruiter de 4-0.
Foar FVC binne it drege tiden yn dyselde haadklasse. Op it eigen fjild ferlear de nûmer lêst mei 3-1 fan Germania, de nûmer foarlêst. Nei de 2-0 efterstân brocht Wesley Tankink fan alve meter de spanning werom. It slotakkoard wie lykwols wer foar Germania.
Troch de winst bliuwe de Snitsers mei Juliana '31 oan de lieding. FVC stiet noch altyd stiif ûnderoan.