Fûgels ophelle út doarpshûs Marrum

De hast 400 fûgels yn it doarpshûs fan Marrum binne snein wer ophelle troch de eigeners. Dat is in dei letter as de bedoeling wie. Foljêreferiening De Nachtegaal hie dêr in fûgelshow doe't tongersdei it lanlike ferfiersferbod mei ophokplicht oplein waard yn ferbân mei noch in útbraak fan fûgelgryp.
Ofsjoen fan in pear fersoargers mocht net ien mear yn de romte mei fûgels. Ek it ferfieren fan de fûgels wie net mooglik. It hat de foljêreferiening in soad jild koste om't saken lykas in ferlotting net trochgienen.
It lanlike hannelsferbod fan 72 oeren rûn snein om 14.00 oere ôf. Steatssekretaris Sharon Dijksma (Ekonomyske Saken) hat nije maatregels naam. Nederlân wurdt opdield yn fjouwer regio's sadat it firus him sa min mooglik ferspriede kin. Kontakt tusken dizze regio's wurdt beheind ta in minimum. De maatregels sille trije wiken jilde.